De Tocht fan de Argonauten

De Tocht fan de Argonauten
algemiene gegevens
oarspr. titel Argonautica
auteur Apolloanius fan Roados
taal Aldgryksk
foarm poëzij
sjenre epos
skreaun 3e iuw f.Kr.
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Tocht fan de Argonauten
publikaasje 2016, Ljouwert
útjouwer Utjouwerij Elikser
oersetter Klaas Bruinsma
ISBN oers. 978-9 08 95 48 511

De Tocht fan de Argonauten, yn it oarspronklike Aldgryksk: de Argonautica, is in epysk gedicht fan 'e hân fan 'e Aldgrykske skriuwer Apolloanius fan Roados. Dyselde basearre syn wurk op in bekend ferhaal út 'e Grykske mytology. De Tocht fan de Argonauten ferhellet oer de held Jason, dy't der mei it skip de Argo op út tsjocht om it Goudene Flues te bemachtigjen, dat yn in fier lân bewekke wurdt troch in draak dy't nea sliept. It oarspronklike epos datearret út 'e trêde iuw f.Kr. De Fryske fertaling, fan 'e hân fan 'e bekroande oersetter Klaas Bruinsma, ferskynde yn 2016.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search